Irénke Meekma

It is noch mar in pear moanne lyn doe’t Tony – of frou Feitsma sa’t jo wolle – krekt heard hie dat se termkanker hie. Se sei doe jin my dat se neat te wollen hie en it faaks egoïstysk wie, mar dat se graach 88 wurde soe. Nettsjinsteande de tanimmende krebintigens, hie se nocht oan ’t libben.

Dat tekenet har: in fjochter. ‘Belies jaan’ stie net in har wurdboek – ek net yn har twadde earste eksimplaar fan it frysk hânwurdboek, dêr’t se oe sa wiis mei wie. Foar trije wike klage se noch dat se te min fysioterapy krige, se woe wer sels rinne! Dat moast oars, en dat soe se wol efkes regelje.

Dat se klage wie in útsûndering, want ‘klaaie’ stie eins ek net yn har wurdboek. Al dy tiid dy’t se de lêste jierren yn in soarchynstelling trochbrocht hat, heardest har suver nea oer wat der net doogde. Sterker noch: se fûn stúdzje-objekten yn de foarm fan ferpleechsters of kollegapasjinten dy’t ien of oar nijsgjirrich Frysk dialektfariant praten, dan wol earne ferbûn wienen oan famylje, kunde of doarp.

Fjochte hat se har hiele libben. Fjochte om heard te wurden. Se is prefester wurden omdat dan net-ien mear om har hinne koe. ‘Se’ moasten wol antwurdzje en koenen har miening net mear negearje. En heard is se.

Tony wie in pasjonearre frou. Har leafde wie it Frysk en de Fryske saak. Dêr wie se mei troud. It wie de passy dy’t har driuwde. Har driuwde om har rike ratio te brûken. Oer har ratio en wittenskiplike fertsjinste is genôch sein.

It hat har passy west dy’t der foar soarge hat dat se heard is en ynfloed hie. Ynfloed op de wittenskip, op de Fryske maatskippij, mar ek op wittefolle yndividuen. Studinten bygelyks. Der wiene hiel wat studinten fan oare rjochtingen, dy’t foar de aardichheid in byfak Frysk folgje woene en dan by ‘frou Feitsma’ telâne kamen. En dan waarden je belutsen of je woene of net. Sa hat se mei har passy by hiel wat studinten leafde foar it Frysk wekker makke.

Dat, har passy soarge foar ynfloed, mar tagelyk hat it har passy west, dy’t der foar soarge dat se net mear ynfloed hân hat. Har passy brocht har rigelmjittich yn konflikt. Sels bin ik net sa thús yn it Fryske fermidden, mar ik ha wolris begrepen, dat de Ljouwter in journalist útsparre hat troch al har ynstjoerde stikken. Op ‘e FU hie se ek sa har botsinkjes. Griis is in kleur dêr’t se kleureblyn foar wie, like it wol. Of men is ynteger of men is dat net. En at men dat neffens har mjitte net wie, dan wie men ta weismiten keard. Swart of wyt. Fûl, en soms ek filein, koe se dan wêze, yn wurd en geskrift. Net in frou fan kompromissen. En dat wylst se gauris fertelde oer de kear dat se de útdrukking ‘tusken beide is ek rûmte’ brûkte yn in Hollânske gearkomste: ‘tussen beiden is ook ruimte’. Dat snapte net-ien yn dy gearkomste. It is my earlik sein nea hielendal dúdlik wurden oft dat no kaam troch de letterlike oersetting fan in ûnbekend sechje, of dat minsken dat net rymje koenen mei de mûle dêr’t it út kaam. Mar it wie in moaie anekdoate.

Anekdoates fertelde se graach. Oer har tiid op ‘e pleats yn ‘e Wieringermar, benammen oer har heit en oer de arbeiders, oer har tiid yn Harns, as juffrou Frânsk, oer har tiid in Grins oan it Ynstituut, ensf. In grut part fan ús bestjoersgearkomsten fan it Feitsmafûns, waard besteed oan anekdoates. Foaral dy ferhalen dêr’t om lake wurde koe. Tony mocht graach laitsje. Se beskikte oer in mear as goed gefoel foar humor. En selsspot wie har net frjemd. Se kaam faak droech út de hoeke mei har typearjende sechjes: op syn Frysk, ûnderkoele, understatement. Yn ‘e trant fan: ‘it hâldt op fan sachtjes reinen’, at it eazet. Of ‘it koe minder’ at eat echt goed wie. Foarbylden binne net sa maklik te jaan omdat se sa oan de kontekst bûn binne, mar we wiene geregeld slop fan laitsjen.

Har unike skerpe ferstân en har fenomenale ûnthâld wienen har ark; har passy de brânstof. It is skande dat har ark har bytsje by bytsje út hannen nommen is doe’t de brânstof noch lang net op wie. (Trije wike lyn noch, die se in lakmoesproef doe’t ik by har op besite wie: koe ik Fryske wurd foar ‘narcis’ wol? – ‘Narcis’ wie de namme fan de ôfdieling yn Borniaherne dêr’t op dat stuit siet. – Ik miende fan ‘peaskeblom’. Mar nee, it wie ‘titelroas’. En doe’t ik it frege oft se miskyn ek wat hawwe kinne soe oan in lústerboek, no’t it mei it lêzen minder waard, wie har reaksje: ‘Wat seiste?’ Harkboek moast ik sizze, dat wie folle moaier.)

It is hiel spitich dat de soarch dy’t se – benammen de lêste tiid – krige, ûnder de mjitte wie, suver funksjoneel en reaktyf. Se koe har net mear adekwaat oppenearje. My tinkt dat se op ’t alderlêst skjin har nocht hie.

It docht ús fertriet. Fertriet dat it sa ôfrinne moast. En fertriet dat se der net mear is. Se hat ús ynspirearre. En se sil ús noch faak ynspirearje.

Wy sille ús bêst dwaan en soargje dat it Feitsma Fûns syn bydrage leveret oan har dream: it behâld en it fuortsterkjen fan it brûken fan it Frysk.