Stypje ús

It kin fansels sa wêze dat jo it Frysk de muoite wurdich fine en sels gjin ideeën ha om wat te ûndernimmen, mar al sjugge nei in oare mooglikheid om in bydrage te leverjen. Dan soene wy tige wiis wêze mei in donaasje oan it fûns.

It jild komt goed te plak troch de ANBI-status fan it Feitsma Fûns. Foardielen fan de ANBI-status binne dat:

  • it fûns gjin skinkings- en suksesjerjochten betellet oer skinkings en erfskippen
  • de ûntfangers fan stipe fan it fûns frijsteld binne foar it skinkingsrjocht
  • donateurs harren jefte oan it Fûns oflûke kinne neffens de regels fan ynkomste- of vennoatskipbelesting

Mooglikheden om ús te stypjen

Omdat it Feitsmafûns net in gewoane, mar in kulturele ANBI is, kin jo in jefte oan ús fûns foar 125% fan jo belestber ynkommen ôflûke. Jo kinne ús stypje op de folgjende wizen:

 

Jefte foar ien kear

Jeften foar ien kear binne ûnder betingsten frij fan ynkomstebelesting.

 

Periodike jeften

Periodike jeften fan minimaal 5 jier binne folslein frij fan belestings at se fêstlein binne yn in oerienkomst tusken de stiper en de ANBI-ynstelling. Wolle jo in perioadike jefte dwaan, nim dan earst kontakt op mei ús fia e-mail (info@feitsmafuns.nl).

 

Jeften troch bedriuwen

Ek jeften fan bedriuwen kinne fan de (fennoatskips-)belesting ôflutsen wurde.

 

Stypje it fûns by testamint

Ek nei’t jo der net mear binne, kinne jo ús wurk foar it Frysk stypje, bygelyks mei in legaat. Goede doelen binne yn Nederlân folslein frij fan suksesjebelesting.

 

Wy hawwe in oersjoch makke mei mear ynformaasje oer de mooglikheden: download struibrief fiskaal

 

Jo kinne jo bedrach oermeitsje op it banknûmer NL51RABO0132843935 op namme fan: Stifting fûûns fwar it frysk, Jan Lievensstraat 32, 8932 BD te Ljouwert