ANBI

It Feitsmafûns is in ANBI (Algemeen Nut Beogende Instelling).  In ANBI is in “algemeen nut beogende instelling”. In ynstelling kin allinnich in ANBI wêze, at dy har foar op syn minst 90% ynset foar it algemien nut. Sûnt 2008 kin in binnen- of bûtenlânske organisaasje troch de Nederlânske Steat as ‘ANBI’ oanmerke wurde. Dit hat bepaalde fiskale foardielen foar dy organisaasjes sels, mar ek foar de Nederlânske belestingbeteller dy’t in gift (bygelyks in skinking) docht oan dy organisaasje.

De ANBI is ferplichte om ynsjuch te jaan yn har belied en finânsjes. Op dizze pagina fine jo dit oersjuch.

Algemiene gegevens

Offisjele namme: Stichting Stifting Fuuns Fwar It Frysk,
KfK-nûmer: 41003062
RSIN/Fiskaal nûmer: 815798386
Statutêr adres: Jan Lievensstraat 32, 8932 BD te Ljouwert

De ropnamme dy’t wy brûke is ‘Feitsmafûns’.
De kontaktgegevens fine jo ûnder ‘kontakt’ en ûnder oan dizze side.

 

Doel en aktiviteiten

It doel fan de stifting is it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan it Frysk. Dit doel wolle wy berikke troch it jaan fan stipe oan aktiviteiten dy’t in bydrage leverje kinne oan:

  1. It befoarderjen fan in goede Fryske stavering.
  2. It fersterkjen fan de ynfrastruktuer fan it Frysk, foar safier oare ynstellings as organisaasjes dêr net op in befredigjende wize yn fersjogge.
  3. It ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it Frysk dy’t oars net sa maklik in kâns krije.
  4. It op oare wize befoarderjen fan it doel fan de stifting.

 

Neist it stypjen fan projekten dy’t it Frysk befoarderje is it fûns ek behearder fan de neilittenskip fan Tony en organisearret út en troch aktiviteiten om har persoan en wurk te betinken.

  • In oersjuch fan yntsjinne projekten en motivearring fan de beslûten dêroer fine jo ûnder it ûnderdiel takenningen. Dit oersjuch wurdt yn elts gefal yn kear yn it jier bywurke.
  • Mear ynformaasje oer it belied fan de stifting is te finen yn it beliedsplan.

 

Organisaasje/bestjoerders

It bestjoer fan de stifting bestiet yn elts gefal út in foarsitter, skriuwer en in ponghâlder en wurdt dêrneist oanfolle mei in oantal algemiene leden. It fûns hat gjin persoanen yn leantsjinst.
In aktueel oersjuch fan de bestjoersleden fine jo ek earne op ús webside.

 

Finânsjes en beleaningsbelied

De bestjoersleden wurde net betelle út de kas fan de Stifting, mar krije in ûnkostefergoeding dy’t ienkear yn it jier troch it bestjoer fêststeld en útkeard wurdt. De ûnkostefergoeding is bûn oan in fantefoaren fêststeld maksimum en mei net boppe de feitlik makke kosten útgean.

Bestjoersleden kinne ûnkostefergoeding krije foar (auto)kosten (neffens de lanlike kilometerpriis) en foar oare kosten dy’t se makke ha foar de Stifting, op basis fan in ynfolle ûnkosteformulier en skriftlike (betel)bewizen. Se kinne ek ôfsjen fan de fergoeding fan kosten en dy omsette yn in skinking oan de Stifting.
Fierder wurde allinnich needsaaklike kosten makke, lykas foar de Keamer fan Keaphannel, administraasje, banken, webside, publisiteit, útjeften foar oan projekten ferbûne kosten.

Jierliks stelle wy it finansjele jierferslach fêst. Dy jierferslaggen binne ek te finen op dizze webside.

Registraasje by de belestingstsjinst

It Feitsmafûns is by de belestingstsjinst bekend as STICHTING STIFTING FUUNS FWAR IT FRYSK. Jo kinne hjir dy registraasje neigean troch bygelyks mei it wurd FUUNS te sykjen.