Henk Meijering

Achte famylje, freonen, kollega’s, learlingen, en net te ferjitten dyjingen dy’t mei Tony Feitsma de kulturele idealen fan ‘e Fryske beweging dield ha (dat lêste ek noch formeel markearre troch de bywêzigens fan de deputearre Jannewytske de Vries – wat Tony tige wurdearre ha soe).

Achte oanwêzigen!

Tony Feitsma fielde har tige fereare doe’t har yn jannewaris fan dit jier it twadde earste eksimplaar fan it Frysk Hânwurdboek oerlange waard. Fereare om’t de opset fan dat wurdboek (ientalich Frysk-Frysk) sa wie as sy altiten bepleite hie. Fereare om’t de beide einredakteuren âld-learlingen fan har oan ‘e Vrije Universiteit wiene – en as wittenskipper wurdt men ommers ek troch de prestaasjes fan jins learlingen eare. Fereare ek om’t Tony by dy gelegenheid de ûntfanger fan it earste earste eksimplaar treffe koe, minister Plasterk. (40 jier earder hie se trouwens nei alle gedachten sokssawat sein as: “Wat moat ik mei sa’n pommerant!”).

Mar Tony hat yn har amtslibben mear earbewizen ûntfongen: de Halbertsma-priis, in portret, in bondel, in Tsjillingnûmer fan it Tydskrift foar Fryske Taalkunde yn 1993 en by har 50ste jierdei yn 1978 al in bibliografy: “Jiddy-jefte”. Yn it persoanlike wie se tige ynnommen mei de oanwêzigens fan safolle freonen op har 80ste jierdei, 18 jannewaris 2008. By dy gelegenheid mocht ik ek in pear wurden sizze, en ik herhelje no de anekdoate dy’t ik oan it begjin fan dy taspraak fertelde. Jierren dêrfoar hiene Tony en ik it heal yn skerts dêroer hân wat wy by de hechte beropsrelaasje dy’t sy en ik hiene, by in plechtichheidlykas wy dy no belibje, dwaan soene. Ien fan ús beiden soe dan wol de taak ha om de oare te betinken. Ik sei dat by it ferskil yn leeftyd tusken ús beiden de kâns grut wie dat ik dan dy sprekker wêze soe. “Ja, dat is spitich, want dan krij ik it net mear te hearren”, wie Tony har reaksje. “Och, ik kin dy tekst dan wol wat earder meitsje, en dy dan oan dy tastjoere”, wie myn antwurd. “En dan silst grif ek wol kommintaar ha.” “Ja, moai, mar dan wol ik datsto net allinne dyn ferhaal hâldst, at it sa fier is, mar dat kommintaar ek foarlêst!” Sa wie Tony. Hja liet neat oan it tafal oer, en woe yn dit gefal sels letterlik oer it grêf hinne regearje.

Hawar, Tony har ferstjerren kaam dochs noch te gau. Ik hie myn tekst noch net klear en sprek no dus foar mysels. Of, dochs net allinne foar mysels: my is frege oft ik yn dizze taspraak net allinne omtinken jaan woe oan Tony har betsjutting foar de stúdzjerjochting Frysk oan ‘e VU en it bysûnder heechlearaarskip oan de UvA, mar ek har plak yn de frisistyk as gehiel markearje woe. Ik doch dat graach, al stekt dêr wol in sekere irony yn. Want wa hie tinke kinnen dat Tony nochris as grand old lady fan it hiele fakgebiet betocht wurde soe nei al dy konflikten fan 50, 40, 30 jier lyn, dêr’t Tony net allinne soms wolris slachtoffer yn wie, mar altiten ek partijgonger.

Mar dochs is soks goed mooglik. Yn har prinsipiële opstelling, faak ek konfliktueus, oer de Fryske Akademy, it Taalkundich Wurkferbân, de stavering, it Wurdboek fan de Fryske taal, ensfh., rjochte Tony har net tsjin persoanen en ynstellingen (al like dat der wolris op), mar pleite sy út djippe belutsenheid foar it belang fan de saak sa’t sy dat seach. Dat lêste moat wol even dúdlik sein wurde, want foar Tony wie de grinsôfskieding tusken it persoanlike en it saaklike permeabel (dat hie noch hinnegean kinnen), nee dy bestie gewoan net. Dat makke har kwetsber, want sy koe hiel robúst mei har diskusjepartners omgean, en wie dan wolris ferstuivere oer de reaksjes dy’t, sels as dy saaklik wiene, har persoanlik rekken. Mar it wie ek har krêft. Hja liet in ûnfoarweardlike ynset foar wat har besielde sjen, yntellekueel, yn tiidsbesteging, trouwens faak ek stoflik. Hja wie perfektionistysk, dus net maklik foar harsels, en yn it ferlingde dêrfan net maklik foar oare minsken.

Tony easke dy ynset en dat perfektionisme ek fan har kollega’s. In wat anekdoatysk detail: it wie har earder wolris yn ‘e wei dat har collega proximus, ik dus, a) langer mei fakânsje gie as sy (“fakânsje is feitlik dochs ûnsin!”), en b) dan gewoan mei de frou en de bern nei bygelyks it Amelân of Finlân gie, en, at jo dan dochs fuort moasten, net yn dy tiid in serieuze konfrontaasje mei bygelyks de taalsitewaasje yn Wales sochten. “No, do bist dus wer thús. It hat lang genôch duorre. Moarn mar wer oan it wurk!”, lies ik ris op in kaart dy’t ik by thúskomst fan fakânsje fûn. Yn har oardiel oer myn blykber lichtsinnich fakânsjegedrach bleau Tony oant op ‘e dei fan har ferstjerren konsekwint: troch omstannichheden koe ik yn ‘e lêste pear jier net fan hûs. De earste fakânsjereis dy’t ik nei jierren werris ûndernimme koe, yn ‘e earste helte fan augustus 2009, moast ik foartidich ôfbrekke om Tony hjirre betinke te kinnen. Ik hie har dit feit graach ferteld. Wat hie se dêr, op de manier dy’t wy fan har kenne, hertlik en lûd om lake!

Dat it mei Tony Feitsma net sa goed mear gie, wie yn ‘e lêste jierren al wol te fernimmen: de stream fan ynstjoerde stikken yn ‘e Ljouwerter wie opdroege. Dat gou ek foar har wittenskiplike publikaasjes. Jan Noordegraaf, Els van der Geest en Frits van der Kuip binne dwaande mei in bondeling fan guon artikels fan Tony op it mêd fan de skiednis fan de taalwittenskip, mar de better net te witten lêste wittenskiplike bydrage dy’t noch by har libben ferskynde, wie in stik fan har hân yn de ôfskiedsbondel foar dr. Lammert Jansma, de eardere direkteur fan de Fryske Akademy (dat Tony dêroan meidie, wie op himsels al in statement). It wie neffens myn betinken net har bêste artikel, mar wol ien dat har typearre: polemysk, ek wol wat ad hominem, mei de ideology fan de Fryske beweging as mjitlatte.

It wie de ôfsluting fan in ryk wittenskiplik libbenswurk: kûlywurk út har tiid op it Frysk Ynstitút yn Grins (Estrikken fol mei “ûnbekende Midfryske skriuwers”, neffens in strak systeem presintearre), programmatyske bydragen út har Amsterdamske tiid, en net te ferjitten har dissertaasje yn twa mânske dielen. In ûntagonklik boek (“Er is één ding dat je bij al je kwaliteiten niet kunt, Tony,” sei har promotor, Berthe Siertsema, yn har laudatio, “en dat is etaleren”, en yndied, by de Aristotelyske trits, logos, pathos en èthos kin fan Tony net iens sein wurde dat de logos de measte fan dy trije wie, foar har gou dy as iennichste. Om it demonstrearjen fan har autoriteit en it jin ynlibjen yn hoe’t har ideeën oerkomme soene, hat sy har by it skriuwen fan dat boek net bekroade). Mar it boek is wol in Fundgrube foar dyjingen dy’t de muoite nimme om it troch te wurkjen.

Tony har hiele wurk wurdt kenmerke troch in prinsipiële ynstelling yn it teoretyske, de reeëns om in soad work wurk oan te pakken en út te fieren (ik neamde al it wurd kûlywurk) en maatskiplike belutsenheid. Bepaalde dingen wiene har yn ‘e wei. Nei it pynlike opheffen fan de stúdzjerjochting Frysk oan ‘e VU wegere se as in twadde Achilles har noch fierder foar dy universiteit yn te setten en wie de bân mei dyjingen dy’t sy foar it beslút dêrta ferantwurdlik hâlde, trochsnien. Mar sy genoat fan de nije mooglikheden as heechlearaar Frysk út namme fan ‘e Fryske Akademy oan har âlde universiteit, de UvA, dy’t yn har stúdzjetiid noch gewoan de SU hiet. Dat hat foar de UvA trouwens noch fjouwer Fryske doktoraten opsmiten. En nei har emeritaat kaam Tony noch graach yn ‘e Doelestrjitte del, en net allinne ûnder kofjetiid. Dat betsjut dat sy mei de Fryske Akademy as ynstitút en mei de ûnderskate meiwurkers wer on speaking terms kommen is.

In opfallende trek yn Tony har ûnderwiis wie har ûnbefongen omgong mei de studinten (wy hiene fan datoangeande yn de jierren sântich de tiid ek wol mei, trouwens). Hja sette harsels net op in fuotstik. Hja wie hiel sûpel yn it oansnijen fan nije ûnderwerpen en dissiplines. Sy wie in pionier yn it brûken fan de kompjûter foar taalkundich ûndersyk, sy hat de sosjolinguistyk foar it Frysk stimulearre en ek de ynternasjonale fergelikings mei oare minderheidstalen nei de frisistyk helle. Dy nije diminsjes fan de frisistyk hat Tony, faak yn ‘e mande mei de studinten, op priemmen setten, en de byfakstudinten kamen út allerhanne fakulteiten. Guon fan dy byfakstudinten folgen jierren efter elkoar de Fryske kolleezjes. Dêrmei is de output fan har universitêre wurk breder as de  promovendy en de studinten mei in doktoraal-diploma. Yn algemienere sin seach Tony it as har taak om nije ûntwikkelingen foar de frisistyk tagonklik te meitsjen, mar ek om de Fryske taal en letterkunde nei bûten ta bekendheid te jaan. Yn dat opsicht wurke se graach mei studinten en kollega’s fan oare universiteiten gear, en ek fan de Noardlike Leargongen en de Fryske Akademy. Ik tink dêrby oan de Ynteruniversitêre Stúdzjerie Frysk (de YSF). Ek yn Noardfryslân hie se goede persoanlike en wittenskiplike kontakten.

Trouwens, yn oar opsicht is Tony ek mei har tiid meigien: op lettere leeftiid hat sy it rydbewiis noch helle en in auto kocht: sy hat sels in tillevyzje oantúgd! Hja prate oer dy auto as hie se der ferstân fan.

Tony wie hiel trou yn har freonskip – ek wolris fêsthâldend yn konfliktsitewaasjes trouwens. Hja hie in hiel aparte humor, dy’t in inkelde kear net fan in myld sarkasme te ûnderskieden wie, mar dy humor waard trochstreeks wurdearre, haw ik wol murken. Hja koe ûnderhâldend fertelle oer (frij neffens Huizinga) “har wei ta de frisistyk”. Wy koene der in soad fan leare.

Mar sy joech net maklik ynsjoch yn wat har persoanlik op ‘en djipsten beweegde. Sy stie eins altyd op skerp, mar bytiden ûntspande sy wol wat en dan koenen je it ek oer mear persoanlike dingen hawwe, bygelyks it leauwe. Dan relativearre sy it frisistyske gedoch ek wol wat, alteast dat is myn ûnderfining.

Tony wie fan betinken dat de moaie banen dy’t wy frisisten oan universiteiten en oare wittenskiplike ynstellingen hawwe, der net west hiene sûnder it krewearjen fan de Fryske beweging, en dat soks ferplichtingen jout, in opfetting dêr’t ik my mei lykfine kin. Mar dy hâlding naam sy ek foar de VU oer yn. Hja wie net fertroud mei konfesjoneel ûnderwiis en besocht har yn te libjen yn wat de VU as doel hie. Tony har inisjatyf wie al fuortdaliks yn 1968 in kolleezjesearje “Bibelfrysk” foar teologystudinten, foar oansteande dûmnys dus, dy’t reedlik súkses hie. Dêrmei beantwurde se sawol oan de doelstelling fan de VU as oan de ambysjes fan de Fryske beweging. It posityf effekt foar Fryslân wie sels noch grutter. It wie nammentlik de tiid fan de konflikten, dat by de konkurrinsje begûne se ek mei sa’n kolleezje, ik leau “Frysk yn tsjerke” fan Teake Hoekema. Tony en Teake Hoekema hiene faaks better mar gearwurkje kinnen, mar likegoed wiene de tsjerken yn Fryslân mei dit dûbelde wurk holpen.

Yn wat ik yn it foargeande sein haw, is Tony har libben yn kompartiminten, yn domeinen, yndield. Dat is fansels in konstruksje, want Tony Feitsma wie as persoan in ienheid. Dat libben is no foltoaid. It wie ryk en goed; in pear jierren mear hie winliken gjin sin mear hân.

Wannear’t wy alles oersjogge, kinne wy sizze dat net allinne de Fryske wittenskip in kreatyf gelearde ferlern hat, mar Fryslân ek in autentike en markante persoanlykheid.

Dat har neitins ta seine wêze mei!