Doelen en Belied

It doel fan de stifting is it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan it Frysk. Dit doel wolle wy berikke troch it jaan fan stipe oan aktiviteiten dy’t in bydrage leverje kinne oan:

  1. It befoarderjen fan in goede Fryske stavering.
  2. It fersterkjen fan de ynfrastruktuer fan it Frysk, foar safier oare ynstellings as organisaasjes dêr net op in befredigjende wize yn fersjogge.
  3. It ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it Frysk dy’t oars net sa maklik in kâns krije.
  4. It op oare wize befoarderjen fan it doel fan de stifting.

 

Neist it stypjen fan projekten dy’t it Frysk befoarderje is it fûns ek behearder fan de neilittenskip fan Tony en organisearret út en troch aktiviteiten om har persoan en wurk te betinken.

 

Ferlienen fan subsydzje

It doel fan de stifting wurdt neistribbe troch it yn begjinsel ienris ferlienen fan subsydzje oan projekten dy’t earne oars gjin of mar foar in part kâns op subsydzje meitsje en troch it ferlienen fan ‘startsubsydzjes’ yn dy sin dat it Feitsmafûns projekten dy’t har geregeldwei herhelje wolle de kâns jaan wol in begjin te meitsjen en sa bekendheid te krijen, yn de hoop en ferwachting dat reguliere ynstânsjes dizze subsidiearing op in strukturele basis oernimme.
Yn prinsipe sil it gean om lytsskalige inisjativen. Mar it dielnimmen mei oare subsydzjejouwers yn (gruttere) projekten is in opsje, benammen as dêrmei it doel fan it brûken fan it Frysk ‘breed’ tsjinne wurdt.

It subsydzjebelied sil ek de kommende trije jier wer rjochte wêze op de ferskillende manieren fan it gebrûk fan de taal: romans, dichtbundels en lietteksten, oersettingen hjirfan yn of út it Frysk, toanielfoarstellingen, sangpresintaasjes en oare, mear praktyske foarmen, dêr’t it Frysk by brûkt wurdt. Dêrby wurde de hjirfoar opstelde subsydzjekriteria hantearre.

Bisûnder omtinken sil der wêze foar de neikommende mêden:

  • Jongerein
  • Underwiis (meartalichheid)
  • Ferbining tusken generaasjes
  • ‘Mienskip’ (libbensfetberheid fan Frysktalige doarpen, inisjativen fan ûnderop)

 

Dêrneist sil de stifting (ek wittenskiplike) útjeften finansierje of finansjeel stypje; yn it algemien útjeften dy’t de Fryske taal befoarderje en yn it bisûnder útjeften dy’t it libben en it belang van Tony Feitsma foar de Fryske taal en saak beskriuwe.

 

Oare aktiviteiten

In inkelde kear wurdt in bisûndere gearkomste organisearre, bygelyks in betinking. Dizze gearkomsten binne direkt ferbûn mei it doel fan de stifting. It is de bedoeling dat der kontakten socht wurde mei oare fûnsen mei soartgelikense doelstellingen. Mûglik kin der dan in mienskiplike aktiviteit plakfine kin yn de foarm fan in ‘dei foar it fûns foar it Frysk’, dêr’t fûnsen har presintearje foar de doelgroepen.

 

Biografy

Yn dizze beliedsperioade wurdt der wurke oan in wittenskiplike biografy oer Tony Feitsma. Dêr wurdt in professionele biograaf foar ynhierd. Oer de ferantwurdlikheden foar de biografy sil it fûns goede ôfspraken meitsje mei belutsenen. It bestjoer sil sels in part fan de biografy finansiere, mar ek fûnsen werve hjirfoar. Utgongspunt is, dat de biografy wol oer Tony Feitsma giet, mar ek in byld jout fan de Fryske beweging en de Frisistyk yn de twadde helte fan de 20e ieu. Dêrmei draagt it ek by oan de doelen dy’t wy stelle oan projekten dy’t it fûns om stipe freegje.