In Memoriam

It wie in stille snein, wat tsjuster en wat wiet;

Fan ’t beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer ’t paad.

Wer thús by smoute hurd seach ‘k út nei grize loft;

It wetter song, en harkjend waard ‘k nei Fryslân laat.

Obe Postma

 

Op 9 augustus 2009 is Tony Feitsma stoarn yn de soarchynstelling Borniaherne te Ljouwert. ‘Nei in warber libben dat yn it teken stie fan Fryslân en it Frysk en nei in dreech lêste jier’ – sa’t de famylje op de roubrief skreau, nei boppesteande strofe fan Obe Postma.

Tony Feitsma is op 14 autustus, nei in tsjinst yn de fermanje fan de mennistegemeente dêr’t hja lid fan wie, te Grou, te hôf brocht yn Brantgum.

Tidens de tsjinst ha ferskillende minsken it wurd fierd. Harren teksten binne hjirneist te lêzen:

Piet Jellema  muoikesizzer, út namme fan de famylje
Henk Meijering  âld-kollega oan de VU
Irénke Meekma  âld-studinte en bestjoerslid fan it Fûûns fwar it Frysk
Johannes van der Meer  dûmny fan de menniste gemeente Mid-Fryslân