Aktiviteiten

Bûter yn'e Brij Brantgum

Bondel Wittenskip & Beweging

De boeken te plak

Neist it stypjen fan projekten dy’t it Frysk befoarderje is it fûns ek behearder fan de neilittenskip fan Tony. Sa is der yn 2010 -in jier nei har ferstjerren – in betinking hâlden foar freonen en bekinden.

Op 22 jannewaris 2012 organisseare it Feitsmafûns yn de tsjerke fan Brantgum de presintaasje fan in bondel oer Joast Hiddes Halbertsma mei publikaasjes fan Tony Feitsma. Fan dit barren is in ferslach/fotopresintaasje makke.

It fûns behertiget de neilittenskip fan Tony. Dit betsjut ek it behear fan it persoanlik argyf en de boekekolleksje. Sûnt 2009 ha wy der as bestjoer yn ‘e mande mei Tresoar hurd oan wurke om de kolleksje goed te plak te krijen. Sa is yn jannewaris 2018 de ynventarisaasje fan it persoanlik argyf fan Tony klear kommen en presintearre yn in mini-sympoasium. Yn septimber 2018 is der nochris in Bûter yn’e brij-festival organisearre yn Brantgum.

It idee is ûntstien om in biografy fan Tony Feitsma te meitsjen. Dizze biografy wie yn earsten in te grutte stap. Wol is der doe in beheinder projekt opstart. Op 30 augustus 2016 is it earste eksimplaar fan de bondel Tony Feitsma Wittenskipper & Beweger útrikke. Yn july 2019 wurdt úteinset mei in “echte” biografy.