Underwiispriis

Tony Feitsma-ûnderwiispriis foar Syb van der Ploeg

Dosint Frysk en Nederlânsk Syb van der Ploeg hat de Tony Feitsma-ûnderwiispriis wûn. De dosint oan De Saad yn Damwâld krijt de priis om’t er tige warber is foar it brûken fan it Frysk ûnder jongerein. Van der Ploeg krijt tûzen euro dat bestege wurde moat oan in projekt of inisjatyf dat oars net opset wurde kin.

Van der Ploeg fynt dat der te min Frysk lesoanbod is foar jongerein yn it middelber ûnderwiis. Hy wol dêrom graach dat der in priis komt foar it skriuwen fan jongereinboeken. De tûzen euro fan de Tony Feitsmapriis is dêr lykwols net genôch foar. Hy wol de priis dêrom no ynsette foar it ynrjochtsjen fan in Frysktalige bibleteek op de middelbere skoalle De Saad.

www.omropfryslan.nl