Bûter yn’e Brij 2018

Op 2 septimber 2018 wie yn Brantgum it 3e bûter yn’e brij festival.  Op it festival, dat him yn de tsjerke en dêrnei yn it doarpshûs fan Brantgum ôfspile, waarden  guon fan de projekten dy’t it fûns stipet, foar it fuotljocht helle.

Sa wie der muzyk út de Mattheüs Passy troch sopraan Tetsje van der Kooi, songen de bern fan berne-iepenloftspul ‘Alice yn Wûnderlân’ en waard it projekt Iepen Doar(p) op in tige humoristyske wize taljochte troch Douwe Kootstra.

Friduwih Riemersma lies har Feitsma-kollum foar, wêryn’t se op prikeljende wize – Tony Feitsma sa eigen – it Fryske kulturele fjild kritysk hifke. De kollum is hjir te lêzen. We hoopje dat wy dizze Feitsma-kollum yn in tradysje sette kinne!  Derop wie in útwreidige refleksje fan Alex Riemersma oer Sytske’s en it Frysk.

Foar de earste kear waard de Tony Feitsma ûnderwiispriis útrikt oan Syb v.d. Ploeg, learaar oan Mavo De Saad yn Damwâld.