Kollum Fridewih

Fridewih Riemersma, 2 septimber 2018

Feitsma en ûnderwiisbelied Frysk

Soe Tony Feitsma har omkeare yn har grêf? Want net mear as in hânfol skoallen jout Frysk op sawat it nivo fan it Nederlânsk. Oer it ûnderwiis yn it Frysk ha net de oerheid of de âlden it te kedizen, mar de skoallen; dy wolle in kurrikulum sûnder drokte. De provinsje seit, yn ’e bestjoersôfspraak mei De Haach, dat se de regels foar ûntheffing fan it fak Frysk sa stelle dat der draachflak is by de skoallen. Draachflak foar gjinFrysk is sadwaande it útgongspunt. Mar soe Feitsma har omkeare yn ’t grêf, neffens frou Feitsma? It idioom fan omkearen yn it grêf is letnjoggentjinde-ieusk Ingelsk. It is yn 1925 net opnommen by de Hollânske siswizen. Yn 1932 brûkt de skriuwer Rintsje Sybesma it, mar dy ha wy ferballe fan ’e Fryske planeet. Feitsma, soe frou Feitsma dêrom sizze, keart har nearne om yn har grêf!

Ek soe hja net fan skamte terane, hoewol’t Waling Dykstra dat idioom mooglik by Joast Halbertsma wei hat. Want hyperboalen wie hja de persoan net nei. As jo wat sizze wolle yn ’e geast fan frou Feitsma, oer it ûnderwiisbelied foar it Frysk hjoeddedei, dan ha jo bjustere idealen en rotsfêste oertsjûgingen, mar dêr geane jo hoeden mei om. Jo ‘meitsje gjin ûnderskie tusken wurk en libben’, sizze se; it wurd ‘dogma’ falt nea. Jo ferdigenje jo dan ek net, mei dat wittenskiplik riddenearjen doch itselde giet as deistich riddenearjen. Mar sa dogge jo it: út wat jo sjogge liede jo ôf wat der barre moat. Jo einbesluten meie sterk of swak wêze, in ferkeard einbeslút kin net. En jo konkludearje dat foarde empowerment fan Fryslân de taal beskiedend is.

Om te begjinnen moat der dêrom foar de Fryske taal in ‘taalnwarm’ komme, krekter sein –frou Feitsma die dat nammers net –in lês-en skriuwnoarm. Want as minsken eat allegearre in bytsje oars sizze is datnet slim, mar as de ferskillen grut binne of as se moarn alles samar oars sizze as hjoed, wurket taal net mear. Gjinien wit dan noch hoe’t er it sizze moat, as yn in njoere dystopy, dy’t aldergelokst noch betocht wurde moat: sa’n taal kin net oerdroegen wurde en giet dea. Sadwaande kamen der yn ’t sok fan it nasjonalisme, dat easke dat boargers lêzen en skriuwen learden, oeral taalnoarmen.