Refleksje

Bydrage fan Alex Riemersma op snein 2 septimber 2018

Bûter, Brea en Mostert-tsiis

Jimme krije allegear de groetenisse út Nord-Friesland, dy wûnderlike mikro-kosmos fan Fryske dialekten op trije eilannen, in stikmannich halligen en in hoeke fêstelân tsjin de Deenske grins oan. Ik haw dêr krekt hinne west foar it ôfskied fan Thomas Steensen, dy’t as stûfe bodder it Nordfriisk Instituut yn Bräist/Bredstedt yn fjirtich jier tiid útboud hat fan in wat suterich buroke mei in behyplike begrutting ta in wiidferneamde ûndersyksynstelling fan Fryske taal, skiednis en folkskultuer fan Nord-Friesland. Mei tige beheinde middels, mar mei fêste doelen foar eagen, goed-trochtochte wurkplannen én mei de goede kontakten yn de maatskippij is dêr hiel wat ta stân brocht. Dat soe Tony Feitsma tige deugd dien hawwe; sy koe sels ek Noardfrysk prate.
Linige taalnoarm Lykwols, it Noarfrysk heart ta de tige bedrige talen en ek dêr wurdt in ferwoeden diskusje fierd yn de spanning tusken de gongbere sprektaal en de skriuwtaalnoarm. Lês mar yn it tydskrift NordFriesland fan dizze simmer. Dy diskusje wurdt nammers rûnom yn Europa fierd yn taalmienskippen mei in minderheidstaal, benammen yn gebieten dêr’t it ûnderwiis minder fêste grûn hat. Aldergeloks binne der yn dy taalgebieten ek altyd stûfe wurkers lykas Hindrik Sijens en dy syn FA-kollega’s, dy’t saakkundich en mei ferdrach trochwurkje oan it bouwen fan in Fryske kultuertaal mei in linige noarm. Krekt sa’t Tony it graach hawwe woe.

Yn it mûnlinge taalferkear kinne wy út soarte mear fariaasje ferneare, mar yn ús sterk ferskriftlike maatskippij hipt it aardich nau hoe’t men de tinzen en winsken op skrift set. Opfallend is, dat de digitale jongerein yn it earstoan op it gehoar – fonetysk – Frysk typt en him net bekroadet oer stavering, wurdkar, grammatikale regels en ynterpunksje. Ik sjoch dat as in goed begjin fan prebearjen dat hooplik liedt ta grutter taal- en noarmbewustwêzen. Dêrútwei kinne de jonge minsken dan aanst in troukaart en bertekaartsjes yn geef Frysk skriuwe. En dan? Ja, dan komt it derop oan: de taaloerdracht oan de folgjende generaasje. Heit en mem binne fansels frij om ien óf twa talen oan de bern oer te dragen. Maklik sein, mar net altyd sa maklik dien mei praten, sjongen, spultsjes, foarlêzen en fertellen. Aldergeloks kinne heit en mem dêrby ynformaasje en stipe krije. Der is in grut selskip fan stûfe wurkers en fleurige froulju dy’t mei ynmoed en oertsjûging de âlden stipe biedt by de taalopfieding yn it Frysk. Dy minsken siedzje alle dagen mostertsiedsjes. Yn dat fjild fan poppen, pjutten en beukers jilde foar my Clara de Boer en Sietske de Boer fan de SFBO (www.sfbo.nl) as ikoanen; Tony soe wol sizze: “Bodders yn de Fryske striid.” Yn tritich jier tiid hawwe hja fan de grûn ôf in organisaasje fan Frysktalige en twatalige berne-opfang en pjutteboartersplakken opboud dy’t mei mear as 250 foarsjennings skoan meunsterje kin tsjin de susterynstelling yn bygelyks Wales en Finlân – dat hawwe wy belibbe yn it MELT-projekt (2009-2011) (www.npld.eu/melt) [MELT = Multilingual Early Language Transmission]. Krekt omdat de SFBO dúdlik sjen litte koe, dat de organisaasje foldie oan in ferlet yn de maatskippij en hoe sterk de organisaasje yn de Fryske mienskip bewoartele is, is it slagge en krij de needsaaklike romte foar it Frysk yn de Wet OKE (= Kinderopvang). En net oarsom.
It basisûnderwiis Ynkoarten komt it ûndersyksrapport ‘Taal yn Fryslân III – de folgjende generaasje’ út. Deryn komme tige nijsgjirrige en ek nuansearre gegevens op it aljemint. Wat it ûnderwiis oangiet springt ien útkomst derút: in hiele protte minsken fan ûnderskate leeftiid, wenplak en oplieding jouwe oan, dat hja graach mear ûnderwiis yn it Frysk hân hawwe wolle soenen. Dat kin men opfetsje as in klachte oan de skoallen, dy’t de kearndoelen net serieus nimme én blykber net goed op de hichte binne fan it ferlet fan de learlingen en har âlden.

Dat kin men opfetsje as in klachte oan de ûnderwiisynspeksje dy’t de skoallen net systematysk kontrolearret én stimulearret ta it útwurkjen fan de kearndoelen yn in trochgeande learline. Hoe’t dat ek wêze mei, dat is yn alle gefallen in dúdlike oantrún oan de provinsje en de ryksoerheid om yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer noch sterker yn te setten op de trochgeande learline fan de basisskoalle oant de eksamenklassen fan it fuortset ûnderwiis. It advysorgaan ‘Dingtiid’ (www.dingtiid.frl ) hat ferline jier advisearre om Frysk yn alle net-eksamenklassen fan it fuortset ûnderwiis yn te fieren. Dy ferplichting biedt de learlingen in bettere tarieding om te kiezen foar Frysk as eksamenfak. Nei myn betinken is dat advys fan Dingtiid in ‘SMART’-doelstelling foar de kommende jierren dêr’t deputearre Sietske Poepjes fiks op tawurkje moat. Mar der binne mear warbere Sietskes!
Underwiispraktyk Aldergeloks wurdt op in protte skoallen wol hurd wurke oan goed en yntegraal meartalich ûnderwiis. Jimme binne wol op de hichte mei de 80 trijetalige basisskoallen. Dêrneist wurkje mear as 100 skoallen mei in Fryske dei of middei. Oare skoallen, benammen stedsskoallen en guon yn minder-Frysktalige gebieten krije op it heden eigen ûntwikkelingskânsen troch mei te dwaan oan projekten lykas ‘Mear Kâns mei Meartaligens’ https://www.nwo.nl/onderzoek-en-resultaten/onderzoeksprojecten/i/53/29153.html en ‘Holy-Frysk’ fan de PABO en Mercator. Ta myn freugde wurdt hjirby ek in ferbining lein mei de memmetaal fan de migrantebern. Ommers, ek foar dy bern jildt it rjocht op ûnderwiis yn de memmetaal. Dy ferbining is ien fan útgongspunten fan it nije kurrikulum fan de PABO fan de NHL Stenden hegeskoalle dat dit jier ûntwikkele wurdt foar alle fiif lesplakken Ljouwert, Assen, Emmen, Grins en Meppel. https://pure.knaw.nl/portal/en/publications/gelijke-kansen-door-de-meertalige-pabo(5b4b0da6-f5d9-417a-8105-324748d6aea8)/export.html

Men kin dy ferbining fansels as in bedriging foar it Frysk as doeltaal beskôgje. Neffens my is de echte útdaging foar de kommende jierren, dat it meartalich ûnderwiis yn Fryslân ynklusyf tinkt, lêst, sjongt, boartet, wurket, skriuwt en staveret, dûnset dat it daveret. Én oan de wrâld dúdlik makket dat sok ynklusyf ûnderwiis foar elkenien fertuten docht. Net maklik, wol needsaaklik. Foar my stiet de learares Frysk oan it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en Kollum, Sytske van Assen, as foarbyld foar al dy stûfe bodders yn it fuortset ûnderwiis dy’t mei ynmoed en oertsjûging, mei humor en in grut hert de learlingen begeliede op har Fryske taal-ûntjouwingspaad. Elk op eigen plak en mei eigen oanpak, dy’t past by de skoalle. Dat die Tony Feitsma ek yn Harns; ik haw yn har papieren in pear lytse taspraakjes by de diploma-útrikking oan de learlingen weromfûn; guon dêrfan wienen yn it Frysk. Sa hat Tony dochs wat mostertsiedsjes siedde yn dy frijwat behyplike omstannichheden. Oare feremiddens In oare Sietske dy’t alle wiken Fryske mostertsiedsjes sieddet, is Sietske Visser fan Nijkleaster yn Jorwert (www.nijkleaster.frl ). Dat protestantske pioniersplak is bewoartele yn Fryske grûn, biedt in plak fan stilte, besinning en ferbining foar in grut ferskaat oan minsken út Fryslân en om utens. Elk dy’t op snein of woansdeitemoarn foar de kleasterkuier de tsjerke ynkomt, lêst it gedicht “Hûs fan stilte” fan Eppie Dam yn twa talen; altyd wer in geniet fan ferwûndering foar minsken dy’t dêr foar it earst komme. Sietske Visser heart dêrby as ien fan de minsken dy’t op in fanselssprekkende wize, tige “naturel” de minsken dêr begeliedt op har kuierpaad, it paad nei binnen en wer nei bûten. Ek dy Sietske sieddet yn gewoan geef Frysk gâns mostertsiedsjes. Ik wol hjir ek noch neame Sytske de Jong en yn har namme ek alle kollega’s fan de provinsje dy’t hieltyd op ‘e nij de goede amtlike en bestjoerlike wegen sykje om binnen de besteande bestjoerlike ferhâldings de bêste kânsen foar it Fryske taal- en kultuerbelied te benutten.

En dan is der ta beslút noch dy iene Sietske sûnder wa Tony Feitsma der net west hawwe soe en wy hjir hjoed net byelkoar west hienen: Sietske Bierma. De frou dy’t sûnder kabaal of sweeslaggerij, mar mei har eigen pedagogyske jeften en skerp psychologysk ynsjoch ús Tony begelaat hat op har libbenspaad. Sietske Bierma hat alle dagen har memmeleafde jûn oan de frou dêr’t wy hjir hjoed foar byelkoar kommen binne. De mem fan Tony hie in foarútsjende blik op har dochter fan 15 jier âld. Ta beslút ien sitaat út in brief fan har oan kunde yn Amsterdam fan 11 novimber 1943: “Tonia is met ijver weer aan haar studie begonnen; verder onderhoudt ze het Fries als ze even tijd heeft en neemt ze nog met een paar meisjes Hebreeuwse les; als zij nu niet taalgeleerde wordt, dan weet ik het niet meer.”
Sjoch, ik woe mar sizze: sokke heiten en memmen mear! Ik ha wit sein.