9 augustus 2019

Briefke oan Ina

Weddenskip

Hjoed is it presys tsien jier lyn dat Tony Feitsma ferstoarn is. Wat opfalt, is hoefolle oft der yn dat koart skoftke tiid al oer har skreaun is. De bondel Wittenskip en Beweging (2015) hat aardich mear siden as har ‘offisjele’ freoneboek Wat oars as mei in echte taal (1994). En dan is der ek noch it bysûndere brieveboek, tagelyk ferskynd mei ‘Wittenskip en Beweging’.

Sûnt july dit jier bin ik, nei in skoft fan tarieden, werklik dwaande mei it skriuwen fan in biografy oer Tony Feitsma. Dat bart yn opdracht fan it Feitsma Fûns, en yn gearwurking mei Tresoar en Fryske Akademy as wittenskiplike partners. Better kin men jin as ûndersiker net winskje!

It is de bedoeling, dat ik geregeldwei op ’e side fan it Fûns wat fertel oer it wurk, en fansels ek in pear priuwkes jou. Dizze earste kear komme dy út Tony Feitsma har fammejierren. Gjin skokkende ûntdekkingen, al moaie yllústraasjes fan ’e persoan. Net genôch om in biografy te legitimearjen, mar dêrom noch wol nijsgjirrich.

Myn wichtichste materiaal is it argyf fan Tony Feitsma, dat troch Barteld de Vries, Sybren Sybrandy en Michiel de Ruiter hânsum beskreaun is. Sûnder dy beskriuwing soe it wurk samar ien of twa jier mear nimme kinne. No is it mooglik om oan ’e hân fan ’e ynventaris parten fan it argyf oan te freegjen en te besjen. Mar dan noch binne der genôch ferrassings …

Sa befettet map nûmer 7 neffens de ynventaris ‘Concept van een briefje van A. Feitsma aan Ina van Scheltinga betreffende het leren van het Fries; met bijlagen [1942]’. Dat briefke printsje ik hjirby ôf.

It is dúdlik, Tony Feitsma is al sa Frysksinnich dat se fynt, oaren moatte it Frysk ek leare. Hokker oaren? It liket te gean om in ynformele klub, meskien fan klas- of skoalgenoaten. Ina van Scheltinga wie ‘leidster’. As ik hiel earlik bin, tink ik net dat it inisjatyf folle wurden is. Mar lykwols binne der wol in pear dingen op te merken. Alderearst: wa wie Ina van Scheltinga? Ik haw har noch net weromfine kinnen. Mar de namme Van Scheltinga komt net folle foar. Neffens de Familienamenbank fan it Meertensinstituut (www.cbgfamilienamenbank.nl) hiene yn 1947 mar 41 minsken dat fan: 17 yn Noard-Hollân, en dêrfan 11 yn Amsterdam. Moatte jo dêrefteroan as biograaf?

Wat oars: it briefke is dúdlik net in konsept, mar it skriuwen sels. It is skreaun mei inket, en it kefert sit der noch by. Blykber hat Ina it briefke oan Tony wer weromjûn, en hat Tony it bewarre.

En fan wannear is it? It jiertal 1942 kin net klopje, want 17 desimber wie doe net op in snein. Al yn 1944 en 1939. Yn ’e hjerst fan 1939 siet Tony op ’e ULO yn Winkel, yn 1944 wie se offisjeel fyfdeklasser op it Murmellius Gymnasium te Alkmaar. Allinnich, der wiene doe nei alle gedachten al gjin lessen mear; der binne yn it skoft fan septimber 1944 oant en mei april 1945 gjin rapporten útrikt. Dat kaam pas wer nei de befrijing. Foar myn gefoel is dit ek earder in opstiging fan in jonge puber, as ien dy’t hast al foar it eineksamen sit. Soe Tony, as se hast santjin wie, noch sa nayf skriuwe dat se it de kursisten wol goed leare woe, en neame, dat har eigen Frysk noch net sûnder wryt en slyt wie?

Sa kinne wy dit earste stribjen om dosint Frysk te wurden pleatse as Tony noch 12 jier wurde moat. It siet der al betiid yn!

Lykwols, as biograaf is men der dan noch net. Neffens de libbensskets fan Henk Meijering en Alex Riemersma yn Wittenskip en Beweging (12) hat Tony ien jier nei de ULO ta gien. Dat hat lykwols langer west, want der binne twa agenda’s. En dêr is ek wer wat mei. It is nammentlik sa, der binne twa bûsboekjes of agenda’s fan har ULO-tiid, beide foar it skoaljier 1939-1940. Allinnich, it iene boekje jout allinnich datums, gjin dagen fan ’e wike – dat waard mei de hân ynfolle. Dat liket beter net te witten dien te wêzen troch in folwoeksenen – Tony har hân is dan sa evenredich noch net. Mei dyselde hân stiet Tony oanjûn as learling fan ’e twadde klasse. Allinnich, it skoalwurk begjint pas op 1 maaie, dat oanjûn stiet as in moandei. En dat wie yn 1939, dus eins noch it skoaljier 1938-1939. It oare boekje giet dan fierder nei de simmerfekânsje fan 1939, en rint troch oant en mei 10 july 1940. Hoe dan ek hat Tony dus fan maaie 1939 oant en mei 1940 op ’e ULO sitten. It sturtsje fan ’e twadde klasse, en dêrnei de tredde?

Der is noch in komplikaasje, want neffens deselde skets (12) hie Tony twa kear in klasse oersprongen. Lit ús derfan útgean, dat se mei seis jier nei de legere skoalle ta gie. De skoalle begûn doe noch op 1 april, dus dat wie yn 1934. De legere skoalle bestie doe ek al út seis klassen. As se twa klassen oersprongen hat, moat se al yn maaie 1938 klear west hawwe. It liket my werskynliker ta, dat Tony ien klasse op ’e legere skoalle oerslein hat, en dus yn 1939 nei de ULO ta koe, en dat se dêr fuort yn ’e twadde kommen is, en dat se sa wer in kear in jier oerslein hat. Of eins twa, want dat twadde learjier wie doe al net folle mear fan oer …

Dan is der noch in kostlik stik, dat al út 1942 komt (of fan fuort dêrnei): it fêstlizzen fan in weddenskip.

 

De tekst sprekt wer foar himsels. Jacoba Wijnanda Derks is al in bytsje mear oer te sizzen: yn de yn eigen behear útjûne oantinkens fan Han Veldman oan syn jierren as útfanhuzer en hongerevakuee op ’e Anthonia-hoeve yn ’e Wieringermar stiet in foto (nei alle gedachten fan simmer 1943) mei dêrop in ‘Dora en Nan Derks, familie van de Feitma’s uit Rotterdam’. ‘Nan’ moat hast wol Wijnanda wêze. Mar dan bliuwe der noch genôch fragen oer. Hokker femylje? Nei alle gedachten fan de kant fan Tony har mem, want yn it femyljeboek fan ’e Feitsma’s komt Derks net foar as femyljenamme. Mar hoe sit it dan krekt?

En fansels: wa hat de weddenskip wûn? En is de priis ek útkeard?

Tenei mear,

Liuwe H. Westra