3 july 2020

Brieven oan Muoike Wike

Brief oan Muoike Wike

Taspraak oprjochtingsgearkomste, part 1

Taspraak oprjochtingsgearkomste, part 2

Skoalkrante - side 1

Skoalkrante - side 2

Skoalkrante - side 3

Wy binne no in jier op ’e gleed, dat it wurdt tiid om de lêzers wer by te praten. Mei Tresoar en Akademy beide in skoft ticht hat it wurk fansels al fertraging oprûn. Gelokkich wie it, troch de meiwurking fan it Feitsma Fûns, ek mooglik om in part fan it argyf thús troch te nimmen. Want in biografy sûnder boarnen wurdt in hiele toer!

It projekt is no sa fier, dat de famkesjierren fan Tony Feitsma moai aardich yn byld binne. En dat net allinnich, der is ek in dúdlike ûntjouwing te sjen yn har bining mei it Frysk. Men kin sels sizze: op in gegeven stuit, echt as jong famke noch, begjint se al Frysk beweger te wurden! Dat begjint, lykas beskreaun yn ’e foarrige bloch, mei de aksje op Wieringen om mear bern sa fier te krijen dat se skreaune mei Muoike Wike. Mei de jongere suster fan ien fan dy bern, Annie Dikken-Post, hawwe Alex Riemersma en ik noch in petear hâlde kind. Hja hie noch dúdlike oantinkens oan Tony, al wie dy mear freondinne mei har âldere suster Tine. De briefskriuwerij wist Annie net folle mear fan, mar se fertelde wol, dat hja thús net de Ljouwerter Krante liezen. In ekstra oanwizing, dat it inisjatyf fan it meidwaan oan ’e bernerubryk by Tony wei kaam!

Oer de brieven oan Muoike Wike: it eardere FLMD hie dêr in part fan yn ’e kolleksje, en dy brieven binne dus no op Tresoar. Allinnich – it is net útsocht, en it binne tolve argyfdoazen fol, allegear út ’e jierren 1936-1940. Yn ien doaze sitte altyd wol in tûzen brieven, briefkes en kaarten fan bern oan Muoike Wike. In pear brieven haw ik fan Tony fûn, mar alle doazen trochsykje soe de biograaf tefolle tiid kostje. Mar meskien binne der minsken dy’t dit lêze, dy’t der aardichheid oan hawwe soene om de doazen troch te sneupen? It is kostlik materiaal, en der kinne dus noch briefkes fan Tony út 1936 út komme. Mooglik is dat dan wol it âldste skriftlike materiaal dat der fan har bewarre bleaun is … Wa siket mei? Mei in stik of trije, fjouwer minsken kin dat kerwei yn in pear middeis wol dien wurde, sa is myn ynskatting.

Doe’t Tony Feitsma dus 6 jier wie, trune se skoalgenoatsjes al oan om te skriuwen nei Muoike Wike. Doe’t se 11 jier wie, besocht se in klub freondinnen Frysk lêzen en skriuwen te learen. Sjoch dêrfoar de earste bloch, en meikoarten komt dêr ek mear oer op ’e webside fan Tresoar. Dan sil bekend makke wurde, wa’t Ina van Scheltinga wie.

Yn dizze snuorje en dêrnei moat Tony yn ’e kunde kommen wêze mei it gedachtegoed fan it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein. Mooglik hawwe har broers dêr lid fan west, mar wierskynliker is, dat har heit as skriuwer fan ’e Fryske krite It Nije Lân it blêd fan it Boun krige. Ek de Blauboekjes fan it Trijemanskip wiene by Durk en Sytske Feitsma yn ’e hûs, sa fertelt Tony letter. Hoe dan ek, de doelen fan it Boun sprekke Tony oan, en se wol lid wurde sadree’t dat mei, op har sechstjinde jierdei, 18 jannewaris 1944. Mar dat is har net genôch … der moat ek in krite fan it Jongereinboun komme yn ’e Wieringermar! De taspraak foar de oprjochting is bewarre bleaun; dy jou ik hjirûnder wer.

It is wol hiel bysûnder om sa’n jong minske sa fol fjoer dwaande te sjen mei de idéalen fan ’e Fryske Beweging. Allinnich … de krite is der net kommen. Broer Feije skriuwt al in bytsje skealik út Berlyn wei op 2 jannewaris 1944: ‘Ook heb ik van de gelegenheid gebruik gemaakt, om de ‘Jongereinblêdsjes’ eens door te nemen. Mijn oordeel erover zal ik maar voor me houden, alhoewel de inhoud over het algemeen ver boven het rederijken van de dames en heren uitsteekt. Om het geestelijk peil van Middenmeer een reuze sprong de hoogte in te doen maken, moet daar dus een afdeling van de ‘Jongerein’ worden opgericht.’

Feije hie der dus net folle fidúsje yn, en dat kaam út. Yn in oersjoch fan kriten fan july 1944 fan it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein stiet gjin krite Wieringermar. Dat ropt nije fragen op. Is der wol in oprjochtingsgearkomste hâlden en hat Tony dy taspraak wol útsprutsen? En as dat al sa is, is dizze taspraak der te bot op oankommen? Of is de doelgroep wol útnoege, mar net opdaagjen kommen? Hawwe de âlden it near derop lein? By de taspraak sit ek in listje mei nammen fan leeftiidgenoaten as “doelgroep”; guon nammen derfan binne yn de Wieringermar noch bekend, en wa wit dat ik op dy menier noch in bytsje mear útfine kin!

Hoe dan ek, Tony lit har net út it fjild slaan. Hja bliuwt Frysksinnich, en hja wol dêr ek foar útkomme. In bysûnder tsjûgenis dêrfan is noch te finen yn ’e skoalkrante “Interpres” fan har lêste jier op it gymnasium. Op 15 desimber 1945 jout hja in koart histoarysk oersjoch fan ’e Fryske Beweging, en slút dan sa ôf:

‘Eigenlijk moest het niet nodig zijn, dat ik hierover in de Interpres schrijf. Immers op het gymnasium, dat verondersteld wordt een cultureel deugdelijke opleiding te geven, zou hierover tenminste iets gezegd moeten worden. Zou er onder Nederlands en geschiedenis althans geen melding gemaakt kunnen worden van het bestaan van de Friese beweging? Ik verlang op de Hollandse scholen geen ettelijke paragrafen Friese geschiedenis en literatuur en evenmin, dat de leraren plotseling hevig pro-Fries worden; wijs de leerlingen desnoods op het grote gevaar of de grote waanzin der Friese beweging, maar noem haar! Het is altijd beter te moeten strijden tegen een grote meerderheid van tegenstanders, dan in het luchtledig!’

It seit himsels, dat elk it dêr net mei iens wie. Ien nûmer letter fine wy de bewende arguminten: omtinken foar it Frysk mei de Nederlânske ienheid net yn gefaar bringe, en it learen fan it Hollânsk mei net yn gefaar komme. Ik pleats de réaksjes hjirûnder. En wy witte allegear, dat Tony har dêrtroch net tsjinhâlde litten hat …

Tenei mear,

Liuwe H. Westra