18 jannewaris 2021

Pregramme - part 1

Pregramme & list - part 2

Stikje Siemon Reker

It is in moaie gedachte om mei de berte dei fan Tony Feitsma wer in bloch te pleatsen oer de fuortgong fan har biografy. Noch altiten in prachtich projekt, dêr’t men winliken noch wol jierren mei fierder kinne soe. It argyf is útsûnderlike ryk, der dûke geregeldwei noch nije skriftlike boarnen op, en it is sels slagge om mei in stikmannich minsken te praten fan deselde ginneraasje as Tony. En faak smyt dat wer nij ljocht op it skriftlike materiaal!

Mar hoe dan ek, wy binne no wol oer de helt fan it projekt, en dat betsjut dat der ek in oar soarte fragen oan ’e fragen komt. Bygelyks: wat sykje ik net út, en wat lit ik lizze? Ien fan ’e dingen  dêr’t ik o sa nei socht haw, is spoaren fan de skoaljufferskarriêre fan Tony har mem, Sytske Bierma (1894-1952). Hja die yn 1914 eksamen oan ’e kweekskoalle te Ljouwert, neffens de Ljouwerter fan 22 maaie fan dat jier (s. 2). Alteast, en dat moatte wy dan mar oannimme, dat ‘S. Bierma uit Dokkum’ yndied Tony har mem is – dy’t nammers net út Dokkum kaam, mar út Ealsum. Mar foar it perspektyf fan de Ljouwerters sil dat wakker itselde west hawwe. Dat Sytske, út in meniste húshâlding, net nei de kristlike kweekskoalle yn Dokkum ta gie (út ein set yn 1910), hoecht jin net te fernuverjen. Ljouwert wie dan it tichtste by.

Mar wêr en wannear hat juf Sytske foar de klasse stien? Yn it femyljeboek steane de plakken Wytgaard en Holwert (s. 137), Wittenskip en Beweging neamt Wytgaard en Middenmar (s. 11). Benammen yn Wytgaard en Holwert haw ik tige socht nei in juffer Bierma dy’t oan ’e iepenbiere skoalle stien hawwe moat, mar neat fine kinnen. Pleatslike en regionale sneupers koene my ek net fierder helpe. Soene der dan hielendal gjin spoaren mear fan Tony har mem op dy skoallen te finen wêze? Yn Middenmar is dat fansels minder lang lyn. Men mei oannimme dat Sytske doe’t de bern noch lyts wiene net út lesjaan gien is, dus dan moat dat hast yn ’e jierren nei de oarloch en foar har siikwêzen west hawwe. Mar moat ik dêr noch efteroan? It liket derop dat dit ien fan ’e losse eintsjes fan ’e biografy wurdt.

Dat koe ek wolris sa wêze mei it folgjende item. Yn it argyf (ynv. nû. 34) sit it pegramme fan in ‘Friesland Studie-toer’ fan ’e Nederlânske Foreign Student Service. Dy F.S.S. wie oprjochte yn 1951 om net-Nederlânske studinten yn Nederlân op te heinen en paadwiis te meitsjen. Blykber wie dêr it idee ûntstean om yn dat ramt in toer troch Fryslân te meitsjen, en dêr de Federaasje fan Fryske Studinte Ferienings by te beheljen. Dat slagge tige, sa docht net allinnich bliken út it ferslach fan Tony Feitsma yn it Frysk Studinte Almenak fan 1954 (ss. 21-22), mar sa binne ek de oantekens fan dielnimster Geeske Benedictus. Ut bygeand pegramme docht wol bliken, dat de organisaasje der net licht oerhinne waaid is. Neffens Geeske Krol-Benedictus wie de praktyske lieding yn hannen fan Tony Feitsma en Oebele Wynstra, doe studint yn Delft.

It ferslach yn it Frysk Studinte Almenak is hoe dan ek al in lytse skôging wurdich, omdat de persoan fan Tony Feitsma der prachtich út nei foaren komt: orizjineel, iroanysk, núansearre, en as it derop oankomt septysk oer wat it allegear opsmiten hawwe soe: ‘Ik haw net it idé, dat alle dielnimmers as oertsjûge-pro-fryske-biweging nei hûs ta rekke binne; wol leau ik, dat der earnstich harke is nei inoars mieningen, en dat foar ûnderskate minsken hiel hwat dingen dúdliker en reëler wurden binne. En as in simmerkamp dan perfoarst “fortuten” dwaen moat, dan soe men dizze faktor miskien sa neame meije’ (s. 22).

Mar wa wiene dy dielnimmers? De net-bûtenlânske studinten lykje allegear Friezen west te hawwen, en dat strykt ek mei it oantinkens fan Geeske Krol-Benedictus, mar hokker eftergrûn hiene de minsken dy’t efter dy mear eksoatyske nammen sitte? (Neffens itselde ferslach [s. 21]: Yndoneezje, Suriname, de Antillen, Israel). Soene fan harren noch guon yn ’t libben wêze? En hoe soe men dat yn ’e goedichheid útfine moatte? En is dat de muoite wurdich?

Dan as lêste noch hiel wat oars: op Tresoar leit net allinnich it argyf fan Tony Feitsma sels, mar it FLMD hat ek knipselmappen oer har byholden. Dêryn sit yn prinsipe alles wat der fan har en oer har yn kranten en oare media kaam te stean. Ien jewieltsje dêrút wol ik de lêzer net ûnthâlde. It is in réaksje op in fraachpetear dat yn 1993 yn Frysk en Frij fan 9 juny 1993 (ss. 9-11) nei oanlieding fan har ôfskied as heechlearaar oan ’e UvA.

Dat fraachpetear is al net gewoan. Ik tink dat der noch de nedige frustraasje by de skiedende prof sitten hat om it opdoeken fan har stúdzjerjochting oan de FU yn 1990. Hoe dan ek, se is sels foar har dwaan bûtengewoan kritysk en fûl yn har útspraken (‘De frisistyk bestiet by de graasje fan de fryske beweging. Wa’t dat ferbân ûntkent is net wiis’ [s. 10]). Net allinnich har bekende tsjinstanners, ek Frysk en Frij en ynterviewer Johan Oppewal krije dizze kear in feech út ’e panne. Ik sitearje wer eefkes: ‘It liket wol dat jo in adept binne fan De Haan. Is dat echt sa? Mar sa giet Fryslân nei gichem! It is heel gefaarlik wat hy seit. […] Jo prate bytiden in alderfreeslikst frysk. […] Bytiden sitte dêr [yn Frysk en Frij – LHW] sa no en dan noch in pear fryske wurden yn in stik. As se net al te bot opfalle. En fierders de hele Van Dale en dat is it dan. Sûnder rook noch smaak. Ik fyn jo überhaupt oerdreaun yn jo taalopfetting. […] It is heel ekstreem wat jo dogge’ (s. 10).

As it fraachpetear komt op it ûnderskied tusken taal en dialekt, moatte ek de foarfjochters fan it Grinslânsk it ûntjilde. Dat liedt ta in koart ynstjoerd stik fan Siemon Reker, dy’t doe streektaalfunksjonaris (of ‘toalanpatjer’) wie en letter (2001-2016) heechlearaar Grinslânsk. It stikje ferskynde yn it nûmer fan 21 july 1993. Dat stikje pleats ik hjir graach.

By neifreegjen by de skriuwer die bliken dat hy it yn it Nederlânsk opsteld hie en dat Frysk en Frij it sûnder fierder oerlis yn it Frysk (mei flaters) opnommen hat. Tony hat him gjin antwurd jûn; Reker hearde allinnich letter fan ’e anglist en leksigograaf Jan Posthumus (1925-2016) dat se sokssawat sein hawwe moast as ‘No, dan witte wy ek mar wer dat Reker gjin jild hoecht.’ Hy en Tony Feitsma hawwe elkoar fierder net troffen of oer dizze episoade kommunisearre (freonlike meidieling Siemon Reker).

En wer de fragen: hoe hiene Tony Feitsma en Jan Posthumus dan kontakt? Kloppet de anekdoate? Mar meskien wol de wichtichste: hoe fier moat in biograaf trochsykje?