21 febrewaris 2020

Brief Sytske Feitsma

Krantestikje muoike Wike

Brievekaart Tony - foarkant

Brievekaart Tony - efterkant

Brief Feije

It hat eefkes stil west op dizze side. Hooplik wurdt dat de kommende tiid oars. De ‘Dei fan ’e memmetaal’ is yn alle gefallen in moaie gelegenheid om wer wat sjen te litten fan it ûndersyk. Dat is gelokkich wol trochgien de ôfrûne tiid!

Dy ôfrûne tiid is ûnder oare brûkt om noch leeftydsgenoaten fan Tony Feitsma op te sykjen en mei harren te praten. Dêr binne in protte nijsgjirrige dingen út kommen. Sa libbet Margaretha Schenkeveld noch, dy’t seis jier lang mei Tony op it gymnasium yn Alkmaar sitten hat. Hja joech in moai byld fan it gymnasiumlibben yn ’e oarlochsjierren. Want dat moatte wy net ferjitte: Tony Feitsma hat yn dy sin net in ‘gewoane’ skoaltiid hân: hja hat op trije ferskillende basisskoallen sitten (Opperdoes, Easterlân op Wieringen, Middenmar), doe in goed jier op ’e ULO yn Winkel, en pas it gymnasium wie de earste skoalle dy’t se hielendal dien makke. En doe wie it oarloch, dus ek oars as oars. It lêste jier waarden der kwalik mear lessen jûn. Margaretha Schenkeveld seit dêroer:

“In de hongerwinter, na Dolle Dinsdag, konden we niet meer naar school, hield de school op, de leerlingen van buiten konden niet meer komen, dan kregen we opdrachten van de leraren om grote stukken te vertalen, en die schriften werden opgehaald en nagekeken, en dan zaten we één keer in de week in een noodgebouw, met een klein clubje, want de jongens waren ondergedoken. Of Tony erbij was weet ik niet – ik denk dat ze in de Wieringermeer zat, en dan zaten we daar zo’n beetje te kleumen om die kachel en bespraken het werk.”

Ek mei Judith Straub-Aleva, dy’t yn Amsterdam mei Tony it fak Frysk folge en dy’t troch Tony by Cygnus Resurgens helle waard, en Henk Smit, dy’t as jonkje fan tsien by Feitsma-en-dy opweidzje mocht yn ’e hongerwinter, binne moaie fraachpetearen holden. Henk Smit befestiget, dat der yn dy húshâlding konsekwint Frysk praat waard, ek tsjin him. Hy seit dêroer: “Ach, je verstond niet alles, maar je begreep wel wat er van je verwacht werd.”

Dat de Fryske taal wichtich wie foar Tony, wie bekend. Dêr kaam se sels ek iepen foar út. Ik haw al earder tantsjendewei op it aljemint brocht, dat dy sterke bining oan ’e memmetaal wolris mei feroarsake west hawwe kin troch it feit dat de lytse Toni/Tony tusken har fjirde en har njoggende sa faak ferhuze is. Fan Brantgum nei Ljouwert (in pear moanne by beppe yn), fan Ljouwert nei de Radboudhoeve tichtby Opperdoes, dêrwei nei de jeugdherberge op Wieringen – en wy mienden altyd dat de húshâlding dêrwei nei de Anthoniahoeve ta set wie, mar sels dat is net wier. Der hat nammentlik noch in tuskenstasjon west, en dat is al wis: de pleats Klein Alkmaar, ek ûnder Middenmar. Dêrwei hat de mem fan Tony nammentlik yn ’e hjerst fan 1936 in brief skreaun, dy’t yn it argyf bewarre bleaun is. Yn dat brief skriuwt se, dat se dêrwei de maitiid dêrop hierboer wurde sille – oant no ta wiene se ‘bedrijfsleider’ of ‘staatsboer’. Men soe sizze: dat is in stap foarút, mar it koe wol sa wêze dat de Feitsma’s dat net sa seagen: mem Sytske skriuwt nammentlik, dat se wol moatte – it alternatyf is oerpleatsing nei de Noardeastpolder, en dêr hawwe se net folle sin oan …

Dan is der in alderaardichst detail oer de persoanlikheid Tony Feitsma. Guon dy’t har meimakke hawwe, witte dat se altiten in moaie ploech oanhingers hie, en dat se der goed yn wie om minsken om har hinne te samljen. De Fryske mienskip om ’e kofje-automaat hinne wie in begryp op ’e hiele FU. Blykber hat dat in trekje fan Tony Feitsma west, dat der al jong yn siet. Neffens my kinne wy it sels al waarnimme as Tony noch mar seis jier is. Wat is der dan te rêden?

Tony (Toni) ûntdekt dan de Fryske bernerubryk fan Muoike Wike (‘Moeike Wike’) yn ’e Ljouwerter, en docht dêr entûsjast oan mei. Dat begjint yn novimber 1934, op ‘Easterlân’. Mar wat bart der? It duorret mar in pear moanne, en dan skriuwe mar leafst fjouwer Fryske famkes fan Easterlân oan Muoike Wike. Hoe soene dy oare trije op it idee kommen wêze? Ien is by de oaren delgien en hat se oantrúnd, dat kin hast net oars. Muoike Wike skriuwt sels in kear, dat der trije briefkes yn ien slúf sitte. Wy hawwe hjir dus in organisearre aksje. En bewize kin ik it (noch) net, mar ik doar der wol wat tusken te setten, dat Tony doe al de foarstap naam en de ploech byinoar hold …

As lêste berjochtsje ik noch graach oer in skitterjende oanfolling op it argyf: by de femylje leine altyd noch twa doazen mei brieven. Dat wiene brieven fan de bern oan heit en mem Feitsma: in inkeld briefke of in kaart fan Tony (bygelyks dizze, as se mei Jaap útfanhûs is by harren omke en muoike yn Twizel), mar ek mear as 100 brieven fan Feije. De iene helt dêrfan binne brieven fan Feije as studint yn Wageningen, de oaren komme út Dútslân as hy dêr yn it ramt fan ’e Arbeitseinsatz foar de Führer wurkje moat. Dy brieven jouwe in prachtich tiidsbyld, en bringe de noed dy’t de oaren om Feije hiene (Han Veldman, in oare hongerevakuee, skriuwt dêroer yn syn boekje Wieringermeer 1943-1945) wol hiel tichtby.

En om mei it tema fan dizze dei ôf te sluten: ek Feije skriuwt konsekwint yn it Frysk. Allinnich de brieven út Dútslân binne hast allegear yn it Hollânsk, nei alle gedachten omdat se te lêzen wêze moasten foar de sensuer. Lang net alle brieven waarden neisjoen, mar dizze al, sa’t bliken docht út ’e blauwe streek oer it kefert.

Tenei mear,

Liuwe H. Westra