Leeuwarder Courant

In libben fan oanhâldende stúdzje en striid

TONY FEITSMA (1928-2009)

Mei Tony Feitsma, snein yn Bornia Herne te Ljouwert ferstoarn yn de âldens fan 81jier, is in striidbere Friezinne hinne gien, dy’t oant op hege jierren op it mêd fan de Fryske taalkunde, literatuer en beweging in grutte rol spile hat. As wittenskipper stie se mei har publikaasjes yn heech oansjen, ek ynternasjonaal, as beweger hat se benammen de krityske lús yn ‘e pels west, ûnder oaren fan de Fryske Akademy, de Provinsjale Bibleteek, de provinsjale polityk, de media en de Beweging sels. Sa gau’t de posysje fan it Frysk oantaast drige te wurden, naam se de pinne op. Dat yn de offisjele gremia it Frysk no akseptearre is, hat mei har fertsjinste west.

Weardefrij Fryske wittenskip bedriuwe wie neffens har ûnmooglik, jo wiene per definysje ek Frysk beweger. Sa stie se yn de jierren sechstich mei oan ‘e widze fan de FNP, wie se ien fan de inisjatyfnimmers fan de Koperative Utjowerij fan skriuwers en wie se in fûl foarfjochter fan in ferienfâldige skriuwwize fan de Fryske taal, de saneamde fonologyske stavering. Dêr makke se har yn de jierren sechstich en santich net populêr mei by skriuwers en útjouwers, en yn de striid dy’t dêroer heech oplôge, hat se lang om let belies jaan moatten. De provinsje keas foar in oanpassing fan de besteande stavering, dy’t neffens har by gebrek oan in konsekwint systeem igge noch seame roaide.

Yn har eigen, út eigen bûse betelle tydskrift Fryx, dat se begûn wie om de Friezen ,,mûniger te meitsjen” , hâlde se har eigen stavering oan. Se stie yn diskusjes mei wat se it Fryske ‘establishment’ neamde, altyd op skerp. Dat wie ek wol nedich, as iennige frou fan yntellektueel formaat yn in fermidden fan manlju, dy’t elkoar de bal – en gauris de baantsjes – taspilen.

Foar sosjaal ‘netwurkjen’ wie se net yn ‘e widze lein, oan uterlik fertoan hie se it mier en doctorstitels woe se it leafst ôfskaffe, dy joegen idelteuten by it sljochtwei folk allinne mar in gesach, dat se net hiene.

Anthonia Feitsma waard op 18 jannewaris 1928 berne te Brantgum yn in frysksinnige boerehúshâlding.

Se wie in neikommerke, mei twa broers dy’t njoggen en seis jier âlder wiene, boppe har. Op har fjirde ferhuzen se nei de Wieringermar. Se is dus bûten Fryslân grut wurden en waard dêr allinnich mar frysksinniger fan. Fryslân learde se yn de fakânsjes kennen, as se by famylje yn de Wâlden útfanhuze.

Nei de ulo en it gymnasium yn Alkmaar slagge Tony Feitsma nei wat doe de Gemeente Universiteit yn Amsterdam wie. Se ûntjoech har as in briljant studinte yn trije talen, Deensk, Frânsk en Frysk, en studearre yn 1955 cum laude ôf. Nei in fiifjierrich yntermezzo as learares Frânsk oan de ryks hbs yn Harns waard se yn 1961 beneamd as wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Se hie har doe al nei wenjen set yn Bûtenpost, letter waard Grou har útfalsbasis.

Yn 1968 folge har oanstelling as wittenskiplik haadmeiwurker foar Nij- en Middelfryske taal- en letterkunde oan de Vrije Universiteit, tegearre mei Hendrik Meijering, dy’t it Aldfrysk, Gotysk en Aldsaksysk foar syn rekken naam. Beiden promovearren yn 1974 cum laude en waarden twa jier letter beneamd ta bûtengewoan heechleararen.

It rendemint fan de stúdzjerjochting hat relatyf heech west, koe se achternei ta har freugde fêststelle. Frijwat fan har studinten hawwe letter har bestimming fûn, sawol yn it ûndersyk oan de universiteiten en de Fryske Akademy as yn it ûnderwiis.

Begjin jierren njoggentich gong de stúdzjerjochting fan de VU oer nei de Universiteit van Amsterdam. Ien fan har pupillen, Durk Gorter, folge dêr as heechlearaar har fuotleasten.

It tal publikaasjes, dat Feitsma op ‘e namme hat en meast ferskynd is yn bondels en tydskriften, is net te tellen en rint yn ‘e hûnderten. Al op har fyftichste jierdei yn 1978 krige se fan kollega’s in ‘losblêdige bibliografy’ oanbean, sadat dy hieltyd oanfold wurde koe. Fier foardat de kompjûter algemien húsriem waard, wurke se der al mei, lykas foar har proefskrift oer de ‘autografemen in het werk van Gysbert Japicx, een verkennend grafematisch onderzoek naar de taal van Gysbert Japicx en een bijdrage tot de Friese spellingsgeschiedenis’.

Foar har yn de jierren tachtich ferskynde stúdzjes (ûnder oaren ‘Kroniek van een eeuw universitaire frisistiek’ en ‘De Friese beweging als gangmaker van Friese literatuur in de negentiende eeuw’) krige se yn 1988 de provinsjale Dr. Joast Halbertsmapriis.

De njoggentjindeieuske minnistedûmny, taal- en letterkundige Halbertsma hat altyd har wittenskiplike ynteresse hân. Har VU-kollega’s Jan Noordegraaf en Els van der Geest binne dwaande de fersille Halbertsma-artikels te sammeljen foar in bondel, dy’t skielk by de Fryske Akademy ferskine sil.

Ta gelegenheid fan har tachtichste jierdei is ferline jier in Feitsma-fûns ynsteld om inisjativen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer te stypjen. Sels hie se doe, troffen troch in beroerte, de pinne al dellizze moatten.

Letter krige se ek termkanker.

De presintaasje fan it grutte ientalige Hânwurdboek (Frysk- Frysk), dêr’t se sûnt de jierren sechtich foar pleite hie, hat se noch belibje mocht. Op 19 jannewaris, deis nei har 81ste jierdei, krige se it twadde ‘earste eksimplaar’ oanbean (it earste wie foar minister Plasterk).

Nei in tsjinst yn de Grouster fermanje wurdt Tony Feitsma freed te hôf brocht yn har bertedoarp Brantgum.

Contendor | © 2008 NDC|VBK, de uitgevers. Onder voorbehoud van alle rechten die berusten bij uitgever en/of auteur.