It bestjoer docht binnen twa moanne nei de oanfraach útspraak oft de oanfraach honorearre wurdt. De oanfreger krijt hjir berjocht fan.
It jild wurdt oermakke yn twa fasen:
- 80 % by it begjin at it bestjoer de oanfraach goedkard hat en de oanfreger alle betingsten ûnderskreaun hat.
- 20 % nei ôfrin as oan alle betingsten is foldien.
De oanfreger ferplichtet him om:
- de namme fan it Feitsma Fûns wer mooglik te neamen
- in ynhâldlik ferslach te stjoeren, mooglik mei foto’s/filmkes en links foar de webside fan it Fûns
- in finansjele ferantwurding te stjoeren
- yn gefal fan in publikaasje 2 presinsje-eksemplaren oan it Fûns te jaan
- yn gefal fan in foarstelling 2 tagongsbewizen oan it Fûns te jaan
- it jild werom te stoarten c.q. it net (fierder) op te easkjen, as de ôfspraken net of net foldwaande neikommen binne